Slim ûngelok op brêge Burgum

02 jun 2011 - 18:14
  • In soad skea oan de auto's
  • Plysje is dwaande mei ûndersyk nei de oarsaak

By in frontale botsing yn Burgum binne op Himelfeartsdei flak nei seizen fjouwer ferwûnen fallen. Twa minsken binne swier ferwûne en twa licht ferwûne. De botsing wie midden op de brêge oer it Prinses Margrietkanaal.

De plysje meldt dat de dyk ôfsluten is om de ravaazje op te rêden. Dat betsjut dat der gjin autoferkear del kin. Mar de brêge kin ek net iepen foar de skipfeart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)