Slim ûngelok Ofslútdyk

14 jan 2011 - 06:12
  • De auto ried fan 'e brêge ôf it wetter yn (foto: www.stjoerder.nl)

De man dy't fannacht omkaam is by in ûngelok op de Ofslútdyk by Koarnwertersân is in ynwenner fan 26 fan Ljouwert. De man ried mei hege snelheid troch de tichte slachbomen fan in iepensteande brêge en bedarre mei syn auto yn it wetter. It slagge dûkers fan de brânwacht net mear him der op tiid út te heljen.

Neffens de plysje sil it noch wol even duorje foardat de oarsaak dúdlik is. Mooglik giet it om in bewuste aksje, omdat de man himsels tekoart dwaan woe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)