Slim ûngelok by Marsum

09 sep 2007 - 17:24
  • N31 Westergoawei fan Deinum nei Marsum
  • Foto's : Aise van Beets

By in slim ûngelok tusken Marsum en Deinum binne snein fiif minsken ferwûne rekke. It ûngelok gebeurde by de ôfslach fan de sneldyk. In man (43) woe fanôf de ôfslach oerstekke, mar seach in bestjoerster (24) út Easterein fan rjochts, oer de holle.

De twa auto's botsten op inoar en de auto fan de frou sloech oer de kop. Trije fan de fiif ynsittenden rekken bekneld en moasten troch de brânwacht befrijd wurde. Elk moast nei it sikehûs

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)