Slim ûngelok Fryske Peallen

18 mrt 2013 - 06:28
  • Jonkje skept by Fryske Peallen

Op de Slûs yn Fryske Peallen is sneintejûn in 8-jierrich jonkje út Oerterp slim ferwûne rekke. It jonkje stuts de dyk oer en op dat momint kaam der in auto fan De Feart ôf de Slûs opriden en dy skepte it jonkje. Hy waard inkele tsientallen meters meinommen troch de auto.

De automobilist, in 19-jierrige man út Fryske Peallen, is mei de skrik frijkommen. It jonkje út Fryske Peallen is oerbrocht nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)