Slim ûngelok by Frjentsjer

28 nov 2009 - 16:48
  • Swier ûngelok op de A31

Op de A31 tusken Dronryp en Frjentsjer is sneon oan de ein fan de middei in swier ûngelok bard, wêrby't trije minsken slim ferwûne rekke binne. By it ûngelok wiene fjouwer auto's belutsen. It begûn mei in auto dy't troch it minne waar slipte en yn de sleat rekke. De bestjoerders fan twa buskes wiene tsjûge en setten de buskes stil op de flechtstrook om de bestjoerder fan de auto te helpen.

In folgjende automobilist skrok dêr fan en botste tsjin de buskes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)