Slim ûngelok by Feinsum

22 nov 2004 - 17:20

Op de dyk tusken Stiens en Feinsum binne moandeitemoarn betiid twa auto's frontaal op inoar botst. Dat barde doe't ien fan de twa in kraan ynhelle. Der binne twa ferwûnen fallen.

De brânwacht moast de ynsittenden út de auto's helje. Neffens de kommandant wie it in merakel dat der gjin deaden foelen. De dyk hat in skoft ôfsletten west. Yn it wykein wie der ek al in slim autoûngelok. Doe kamen by De Falom twa minsken om.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)