Slim scooterûngelok Drachten

02 jun 2013 - 12:33
  • Slim scooterûngelok yn Drachten

In jonge fan 13 jier út De Harkema is sneontejûn swier ferwûne rekke yn Drachten. Hy siet achterop in bromscooter op de Noarderdwersfeart. De 25-jierrige bestjoerder út Warfstermûne seach te let dat in auto foar him foar in oerstekplak foar fuotgangers stoppe. De scooter botste op de auto en de jonge achterop fleach oer de auto hinne en klapte op de wei.

De jonge Harkemaster is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs yn Grins brocht, de bestjoerder nei it sikehûs yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)