Slim ferwûne by ûngelok

25 aug 2014 - 09:00
  • De auto botste op in lânbouwein
  • By it ûngelok rekke ien persoan slim ferwûne

In frou fan 51 jier út Eksmoarre is moandeitemoarn slim ferwûne rekke by in ûngelok yn har wenplak. It slachtoffer botste op de Boalserterwei mei har auto op in hakselaar. De bestjoerder fan de wein, in 44-jierrige man út Koatstertille, seit dat er de auto oankommen seach en safolle mooglik nei rjochts gongen is. Neffens de plysje hat de autobestjoerster de lânbouwein net sjoen troch de leechsteande sinne. Se moast troch helpferlieners út har auto helle wurde en is mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht.

Har 17-jierrige dochter dy't by har yn de auto siet, kaam mei de skrik frij. De bestjoerder fan de hakselaar rekke ek net ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)