Slim ferwûne troch ûngelok

21 maaie 2002 - 00:00

In frou fan 65 jier út Drachten is moandei slim ferwûne rekke by in fytsûngelok. Se fytste mei oaren troch de tunnel by It Hearrenfean. Fan de oare kant helle in famke fan 16 de groep yn. Dêrby koe se de Drachtster net ûntwike. Dy kaam mei de holle tsjin de stoepe.

Mei slim letsel oan de holle is se nei it sikehûs yn Grins brocht. De plysje siket tsjûgen fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)