Slim ferwûne troch fal ljedder

12 jul 2013 - 15:39

Yn de Bakkerstrjitte yn Aldebiltsyl is freedtemoarn in man slim ferwûne rekke by in fal fan in ljedder. Hoe't dat krekt gebeure koe is net dúdlik. Omdat it slim like mei de ferwûnings, waard de traumahelikopter ynskeakele. De plysje moast der ek oan te pas komme, om it publyk op ôfstân te hâlden by it delkommen en opstigen fan de traumahely. It slachtoffer is nei it universitêr medysk sintrum yn Grins brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)