Sliepplak foar 11-stêdetocht

26 des 2010 - 09:26

Op de website elfstedenreservering.nl binne al goed tachtich minsken dy't in sliepplak oanbiede foar as der in Alvestêdetocht komt. De measte keamers wurde oanbean yn Ljouwert, mar minsken kinne ek sliepe yn bygelyks Stiens, Makkum, Snits of Aldehaske.

De oanbieders meie sels har priis bepale. De djoerste keamer oant no ta is te finen yn Raerd. Dy kosset 75 euro. De oare prizen lizze tusken de 20 en de 40 euro. Mar hjir en dêr kin it ek fergees.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)