Sliepkeamerbrân yn Harns

10 jul 2003 - 00:00

In sliepkeamer fan in hûs oan de Paul Krugerstrjitte yn Harns is yn de nacht fan woansdei op tongersdei útbaarnd. In 18-jierrige jonge wie yn sliep fallen, wylst op it fuottenein fan syn bêd in kears baarnde.

Hy waard wekker doe't er waarme fuotten krige. Mei syn famylje hat de jonge besocht de brân út te meitsjen, mar dat slagge net. De brânwacht moast der oan te pas komme. Dy hie it fjoer gau út. By de brân rekke net ien ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)