Sliepende man yn stellen auto

07 jun 2007 - 10:48

Yn Ljouwert is woansdei in man oanhâlden dy't lei te sliepen yn in stellen auto. It giet om in 33-jierrige Alkmaarder. De auto stie oan de Romkesleane mei it achterrútsje iepen.

De plysje makke de man wekker. Hy hie gjin goed antwurd op 'e fraach wêrom't er dêr lei. Bliken die dat de auto stellen wie. De man is meinommen nei it plysjeburo foar neier ûndersyk. De auto giet werom nei de eigner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)