Sliepende man rydt yn fangrail

22 sep 2012 - 13:31

Op de sneldyk A7 by Drachtsterkompenije is freedtenacht in 19-jierrige Drachtster ferwûne rekke omdat er de macht oer it stjoer ferlear. Hy ried mei folle snelheid tsjin de fangrail op omdat er yn sliep foel achter it stjoer, sa fertelde de bestjoerder de helpferlieners. Syn auto draaide in pear kear om de as en kaam midden op de dyk ta stilstân. De bestjoerder moast nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)