Sliepe yn Ot en Sien-hûs

25 nov 2011 - 14:02

It Ot en Sien-museum yn Surhústerfean wol graach útwreidzje. Fan it oankochte hûs njonken it museum wolle se in rekreaasjewente yn Ot en Sien-styl meitsje. Der moat ek in nije ûntfangstromte komme, want se krije hieltyd mear groepen yn it museum. De gemeente Achtkarspelen is posityf oer de plannen, mar dêr moat wol in part fan it bestimmingsplan foar feroare wurde.

As alles trochgiet, kin yn de simmer fan 2012 yn it Ot en Sien-hûs oernachte wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)