Sleijfer en Spinder der net út

29 okt 2010 - 18:27

It is noch altyd ûnwis oft trainer Henk de Jong noch dit seizoen oan it wurk kin by Sportklup Cambuur. In petear tusken Wim Sleijfer fan Cambuur en Pieter Spinder fan Harkemase Boys hat noch neat opsmiten.

De Jong soe sels graach sa gau mooglik oan de slach wolle by Cambuur, mar Harkemase Boys sjocht dit net sitten. Spinder: 'Wy ha in goed petear hân. We ha sjoen wat der wol en wat der net kin. Takom wike sille wy wer byelkoar komme om fierder te praten.'

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)