Sleepboat sonken yn Akkrum

16 jul 2007 - 10:21

Yn Akkrum is snein in sleepboat fan oannimmersbedriuw Knol sonken. De boat fan acht by twa meter lei foar anker yn it haventsje fan it bedriuw. Nei alle gedachten wie it ponton los rekke. Dy kaam doe tsjin de boat oan, wêrtroch der in lek ûntstie. Mei in kraan fan it eigen bedriuw is de boat wer nei boppe helle.

Om't der ek oalje út de boat lekt wie, waard de brânwacht ynskeakele om it guod wer út it wetter te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)