"Sleatten Rengerspark himmelje"

03 aug 2006 - 12:19

De sleatten yn en om it Rengerspark yn Ljouwert hinne moatte sa gau mooglik útbaggere wurde. Dat wol de feriening Rengersparkgebiet. De gemeente soe yn 1997 al sein ha dat de sleatten himmele wurde moatte, mar der barde neat. Der soe gjin jild foar wêze.

De feriening Rengersparkgebiet seit dat der op it stuit botulisme foarkomt yn ien fan de sleatten. Ek soene fûgels by boskjes deagean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)