Sleatten moatte behâlden wurde

13 aug 2002 - 00:00

De Fryske wetterskippen wolle oerlêst fan it wetter yn de takomst tsjingean. Dêrom sjogge se stranger ta op it behâld fan de sleatten. Dy binne belangryk foar de ôffier fan reinwetter. In soad sleatten binne damme mei ruilferkavelingen.

Ek it pleatsen fan wâlbeskoaiïng wurdt yn de gaten hâlden. Want wâlen kinne it oerflak fan de sleat lytser meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)