'Sleatten Fryslân skjinner'

29 nov 2005 - 16:40

De sleatten yn Fryslân binne dit jier better skjinmakke as ferline jier. Dat seit it Wetterskip Fryslân. Dat hoechde in kwart minder brieven as ferline jier te stjoeren om minsken te wizen op har ûnderhâldsplicht. It wetterskip tinkt dat dat komt omdat it moai waar wie yn oktober en omdat minsken better op de hichte binne fan de hjerst-kontrôle. Fierder ha minsken ek hieltiten mear yn de gaten dat it needsaaklik is om de sleatten skjin te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)