Sleatswetter stik skjinner

26 feb 2003 - 00:00

It sleatswetter fan de Wetterskippen Sevenwolden en Lauwerswolden wie yn 2002 in stik skjinner as it jier dêrfoar. De wetterskippen hawwe dêrtroch folle minder warskôgings oan grûneigners ferstjoerd.

Mei-elkoar kamen de wetterskippen út op 2650 warskôgings. Yn 2001 wiene dat noch 3800. It omleechgean fan it tal warskôgings hat faaks te krijen mei it bettere waar yn 2002. Ek is der dat jier mear foarljochting jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)