Sleat fersmoarge yn Akkrum

26 apr 2012 - 21:58

In sleat op it yndustryterrrein Spikerboar yn Akkrum is fersmoarge. Dat komt troch saneamde stielslakken, dy't brûkt binne troch de bedriuwen Knol en Dam Beton as terreinferhurding. Stoffen út de slakken binne yn it wetter fan de sleat telâne kommen.

Op it stuit is der sprake fan in flink hege PH-wearde fan it wetter. As men it wetter oanrekket, kin dat foar yrritaasje fan de hûd soargje. Yn it slimste gefal kin it brânwûnen feroarsaakje.

De gemeente Boarnsterhim en it Wetterskip Fryslân hawwe woansdeitejûn de sleat ôfset. De ferantwurdlike bedriuwen moatte it fersmoarge wetter sa gau mooglik oprêde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)