Sleat by Akkrum fersmoarge

05 feb 2008 - 12:22
  • De fersmoarge sleat wurdt skjinmakke

Wetterskip Fryslân hat in sleat op bedriuweterrein Spikerboar by Akkrum ôfset om't dy fersmoarge is mei net bluste kalk. By kontakt mei it wetter kin dat hûdyrritaasje en oantaasting fan de slymfluezen feroarsaakje. Der steane dêrom ek warskôgingsbuorden. Tiisdei wurdt de sleat skjinmakke.

De fersmoaring komt út stielslakken dy't brûkt binne op it terrein fan Dam Beton. Dat bedriuw stiet ûnder miljeutafersjoch fan de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)