Slauerhofflêzing dit jier troch skriuwster Rudi Wester

03 sep 2015 - 07:56
  • Betinkplak fan de famylje Slauerhoff op it begraafplak yn Huzum

Skriuwster Rudi Wester hâldt op 1 oktober de Slauerhofflêzing yn de doarpstsjerke fan Huzum. De titel fan de lêzing is dit jier 'Fryslân: nabij of voorbij?'. Dy ferwiist nei de ambivalinsje dy't in soad Friezen om utens ha rjochting it heitelân. Rudi Wester stiet yn har lêzing ûnder oare stil by de fraach oft Fryslân wol Europeesk genôch is.

Frou Wester wie jierrenlang literêr kritikus by Trouw, Vrij Nederland en Opzij. Ek hat se meardere boeken skreaun. Rudi Wester waard berne yn Ljouwert. Se siet dêr op it grifformeard gymnasium.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)