Slauerhoff poëzyprizen útrikt

10 jun 2004 - 00:00

Yn teater Romein yn Ljouwert is woansdei de Slauerhoff poëzypriis útrikt. Der wiene mear as 400 dielnimmers en it nivo fan de ynstjoerde gedichten wie neffens de sjuery ferrassend heech.

Jongeren koene yn twa leeftydsgroepen meidwaan: fan 12 oant 15 jier en fan 16 oant 18 jier. Yn de jongste groep gie de earste priis nei Brechtje Huiskes út Rhenen, by de âldsten wie er foar Laura Bosma út Boalsert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)