Slauerhoff Poëzijprizen útrikt

09 jun 2010 - 09:44
  • De ferneamde dichter J.J. Slauerhoff

De jonge dichters Auke Teutenberg fan Burgum, Britt van Akker fan Frjentsjer en Yien Wei Thye út Ljouwert hawwe tiisdeitejûn yn ferskillende kategoryen de earste prizen fan de Slauerhoff Poëzie prijs 2010 wûn.

Yn Teater Romein yn Ljouwert waarden de prizen troch dichter Ted van Lieshout útrikt. De Slauerhoff-prizen wurde om it jier útrikt oan jonge dichters tusken de 12 en 18 jier. De priis bestiet út in bedrach fan 200 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)