Slappeterp measte donoaren

22 jun 2011 - 17:19
  • Nierpasjinten binne holpen wurde mei donornier (foto: Omrop Fryslân

Slappeterp is it plak yn Fryslân mei prosintueel de measte orgaandonoaren. Dêr hat 65% in donorkodisyl. Der binne grutte ferskillen yn orgaandonaasje yn Fryslân. Yn de greidhoeke wenje in soad dy't it wol wolle. Yn de Noardeasthoeke binne dat folle minder.

Yn de lanlike top 100 stean tweintich Fryske plakken mei de measte orgaandonoaren. It ministearje fan folkssûnens wol mei de list mear omtinken jaan oan orgaandonoaren. De list is woansdei bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)