Slangen yn Oerterp

20 okt 2011 - 21:38
  • Foto: Omrop Fryslân

De Fûgelhelling yn Oerterp fangt neist fûgels tydlik ek twa slangen op. It giet om lytse rattelslangen dy't troch de plysje fûn binne yn Noardwest-Fryslân. Om't de eigner him noch net melden hat binne de reptilen earst nei Oerterp brocht. Gewoanwei wurde slangen nei in opfangadres yn Delft brocht mar dy fangt op it stuit gjin bisten op fanwege in ferhuzing.

De Fûgelhelling hopet gau in nije eigner foar de slangen te finen. Sneon organisearret de opfang in iepen dei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)