Slang yn tún Hjerbeam

18 mrt 2011 - 19:31
  • De slang dy't fûn is yn de tún
  • Mooglik giet it om in jonge pyton

Yn in tún fan in wenning yn Hjerbeam is freedtemiddei in slang fûn. It bist is ophelle troch de Stichting Dierenambulance Dier in Nood. Neffens in wurdfierder kaam de kat fan de bewenners mei de slang yn de bek oanrinnen. It giet mooglik om in jonge pyton fan in meter lang.

It komt sa'n trije kear per jier foar dat de biste-amulânse slangen ophellet. Se ûntsnappe faak by minsken thús. Der wurdt no in goed plak foar it bist socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)