Slagveer ferlingt kontrakt by SC Hearrenfean

27 feb 2015 - 19:23
  • Luciano Slagveer

Oanfaller Luciano Slagveer hat syn kontrakt ferlingd by SC Hearrenfean. De spits sette freed syn hantekening ûnder in kontrakt dat him oant 2017 oan de Fryske klup ferbynt. De 21-jierrige Slagveer komt út de jeugdoplieding fan de Feansters.

De oanfaller spile oant no ta 53 wedstriden yn it shirt fan SC Hearrenfean en skoarde dêryn njoggen kear. De lêste moannen is er yn foarm, want nei de winterstop tekene Slagveer al foar fiif treffers yn sân wedstriden.

Ek Marten de Roon hat syn kontrakt ferlingd oant 2017.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)