Slagge operaasje foar Dijkstra

14 jul 2001 - 00:00

Marten Dijkstra út Frjentsjer rint wer. Hy hat in operaasje oan syn fersliten rêch ûndergien yn Amearika. De âldfrachtweinsjauffeur wie heal ferlamme en koe yn Nederlân net holpen wurde.

Foar de operaasje yn de Feriene Steaten wie in protte jild nedich. In spesjaal foar Dijkstra yn it libben roppen stichting hat jild foar him ynsammele. Hy moat noch in pear operaasjes hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)