Slagge fakânsjewike Sparjeburd

25 jul 2014 - 17:13

Goed tritich bern ha harren dizze wike fermakke yn it boartersbosk Sparjeburd by De Himrik. De bern koene net mei fakânsje om ferskate redenen. Ien fan de âlden is bygelyks siik, of se ha te min sinten om op fakânsje te gean. De bern ha spultsjes dien yn it bosk lykas kabouter sykje en in speurtocht. De wike wurdt freedtejûn ôfsletten mei in 'bûnte jûn'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)