Slagge befrijdingsfeesten

06 maaie 2004 - 00:00

Yn Hearrenfean binne woansdei 16 minsken oanhâlden dy't mei xtc-pillen nei de danceparty Liberation gien wiene. Der waarden 26 pillen yn beslach nommen. Fierder is de plysje tefreden oer it ferrin fan it feest. Der kamen 3000 minsken op ôf. Mooglik komt der takom jier in ferfolch.

By it befrijdingsfeest yn Ljouwert waarden seis bekeurings útdield oan minsken dy't op strjitte stiene te pisjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)