Slachtoffers stellerij socht

15 jan 2011 - 12:25

De plysje wol yn kontakt komme mei minsken dy't ferline wike sneon yn Ljouwert it slachtoffer wurden binne fan bûskestellerij. De stellerij is nei alle gedachten it wurk fan in man en frou dy't yn ien gefal betrape binne troch in slachtoffer.

In 68-jierrige frou wie yn in kleanwinkel en fernaam dat der ien oan har tas siet. Se seach dat it de man wie dy't hieltiten mei in frou achter har oan troch de saak rûn. Hy hie de ritsen fan de tas al iepenmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)