Slachtoffer yn libbensgefaar

18 jul 2009 - 14:08

De 20-jierrige ynwenner fan De Gordyk dy't freedtejûn swier mishannele waard op de Súdkade yn Drachten, is yn libbensgefaar. Hy hie spul mei in oare man dy't him sa hurd foar de holle sloech, dat er mei de holle op strjitte klapte.

De Gordykster is yn de nacht fan freed op sneon operearre, mar syn tastan is noch krityk. De dieder is útnaaid. It is in tinte man fan 25 oant 30 jier, mei in wite jas oan. De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)