Slachtoffer wit net hoe't er oan ferwûnings komt

04 jul 2015 - 13:45

De plysje yn Ljouwert is sneontemoarn in ûndersyk begûn by in wenning yn de Essenstrjitte. De 29-jierrige bewenner hie de plysje belle, om't er ûnder de snijwûnen siet en net wist hoe't er dêroan kaam.

It slachtoffer koe sels nei de ambulânse ta rinne en is nei it sikehûs brocht. De man koe nei behanneling wer nei hûs ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)