Slachtoffer ûngelok Harns ferstoarn

30 jun 2015 - 13:52

De froulike fytser dy't moandeitemoarn by Harns oanriden waard troch in frachtwein is ôfrûne nacht yn it sikehûs UMCG yn Grins ferstoarn. It giet om in 61-jierige frou út Harns. De Poalske frachtweinsjauffeur ried oer de Achlumerdyk en bedarre op de krusing mei de Grettingalaan op de ferkearde helte fan de dyk en úteinlik it fytspaad. Hy is mooglik net goed wurden.

De sjauffeur rekke by it ûngelok ek noch in auto fan in 56-jierige frou út Harns. Sy hat blauwe plakken en kniezings oerhâlden oan de oanriding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)