Slachtoffer ûngelok Eanjum is fytser fan 21 jier

09 aug 2015 - 10:41

In 21-jierrige man út Eanjum is sneontemiddei om it libben kaam by in ûngelok op de krusing fan de Saatsenwei en de Monnikehústerwei by Eanjum. De jongeman stuts op de fyts de dyk oer en waard oanriden troch in auto dy't bestjoerd waard troch in 66-jierrige frou fan Skiermûntseach.

Twa fan de trije passaszjiers yn har auto rekken licht ferwûne. Se koene op it plak fan it ûngelok behannele wurde. De automobiliste is troch de plysje heard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)