Slachtoffer stekpartij begroeven

30 sep 2004 - 12:50

De 32-jierrige Manuel Fetter is woansdeitemiddei begroeven yn Ljouwert. Hy waard yn de nacht fan tongersdei op freed yn de binnenstêd deastutsen. Twa manlju fan 26 en 27 jier út Ljouwert sitte fêst op fertinking fan de misdied.

Neffens de famylje fan it slachtoffer is Manuel om it libben brocht om't er in opmerking makke oer in stikken smiten bierfleske. It Iepenbier Ministearje seit dat Manuel in tafallich slachtoffer wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)