Slachtoffer siket automobiliste

02 des 2006 - 17:30

In jonge út Dokkum besiket mei help fan in oprop yn de Dokkumer Krante de frou te finen dy't him mei de auto oanriden hat. It ûngelok barde yn july yn de wyk De Koailannen.

Earst like Dirk Sietse inkeld mar blauwe plakken te hawwen. Mar it weefsel stoar ôf en no hat er in tumor yn 'e skonk. Nei trije gemokueren moat de skonk ek noch amputearre wurde. De jonge wol no dat de fersekering fan de frou de kosten betellet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)