Slachtoffer mishanneling socht

01 maaie 2013 - 10:10
  • Lindegracht Heerenveen

De plysje is op syk nei in man dy't op Keninginnedei it slachtoffer wurden is fan in mishanneling. De man krige op de Lindegrêft op It Hearrenfean in kopstjit en doe't er op 'e grûn lei ek noch skoppen.

Foarbykommende plysjes slaggen deryn de dieder te pakken. It giet om in 24-jierrige ynwenner fan Grins. Doe't se dêrnei werom kamen by de mishannele man, wie dy al fuort. Hy wurdt no frege him te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)