Slachtoffer mishanneling by Droegeham socht

01 maaie 2015 - 10:50

De plysje yn Droegeham siket in slachtoffer fan is mishanneling by de Betonwei tusken De Harkema en Droegeham. Der binne al wol twa fertochten oanhâlden. It giet om twa jonges fan 15 jier út De Westereen en 18 jier út de gemeente Menameradiel. In tsjûge seach dat se in oare jonge mishannelen joech it sinjalemint troch oan de plysje. Dy seach de jonges letter fytsen en koe se oanhâlde.

Neffens de tsjûge soe it jonge slachtoffer him melde, mar dat hat er oant no ta net dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)