Slachtoffer fan fal út útkyktoer net bliid mei ferkeap toer

30 des 2015 - 11:05
  • Michelle de Wit (15) by it plak dêr't de útkyktoer stie
  • Michelle de Wit, mei links heit Wibo en rjochts mem Patricia

De âlden fan de 15-jierrige Michelle de Wit, dy't yn july út in úkyktoer by De Jouwer foel, ferwite de gemeente De Fryske Marren dat de toer yntusken ferkocht en fuort helle is. It famke rekke troch de fal slim ferwûne, is noch altyd net hielendal better en moat yn 2016 op 'e nij operearre wurde.

De oarsaak fan de fal is noch hieltyd net dúdlik en troch de ferkeap fan de toer is der gjin bewiis mear. It kin neffens de âlden wêze dat platen boppe yn de toer losmakke binne troch fandalen en dat dat de fal feroarsake hat.

Oare partijen hawwe it lykwols oer in konstruksjefout.

Nije oplieding

Michelle wit net folle mear fan de fal: "Ik weet nog dat ik op de grond lag en in het ziekenhuis, maar verder ben ik veel kwijtgeraakt." It famke moest troch it ûngelok fan oplieding feroarje, omdat se net in soad krêft mear yn 'e earms hat. "Ik kon mijn opleiding niet afmaken en dat vond ik wel jammer, want ik wilde graag verder met Uiterlijke Verzorging", sa seit se. Se is fan need oerstapt op Handel & Administratie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)