Slachtoffer brân Dokkum wie de bewenster fan it hûs

15 sep 2015 - 18:28

It slachtoffer fan de brân fan ôfrûne sneon yn in wenhûs oan de Hoedemakersweg yn Dokkum wie de bewenster fan it hûs. Dat hat de plysje bekend makke.

De frou is yn it UMCG identifisearre. De brân bruts om 8 oere út op de boppeferdjipping fan it hûs. De brân wie sa fûl dat de brânwacht net by it slachtoffer komme koe. It ûndersyk nei de oarsaak fan de brân hat oant no ta neat oplevere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)