Slachtôffal op de dyk by Sumar

17 mrt 2014 - 21:15
  • Foto: Anton Kappers
  • Foto: Anton Kappers

By Garyp hat in frachtwein moandeitemiddei slachtôffal ferlern. De sjauffeur ried op de N356 tusken Sumar en Nyegea doe't er hurd remje moast. De lading begûn te skowen en kaam oan de boppekant de bak út.

In skjinmakkersbedriuw hat it earste ôffal opromme. In spesjalisearre bedriuw sil de dyk fierder skjinmeitsje en besykje de lucht fan bedoarn fleis fuort te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)