Slachtko sakket troch iis

03 feb 2012 - 10:30

In ko dy't slachte wurde soe is tongersdeitejûn yn Tsjom útnaaid en troch it iis sakke. De 2-jierrige ko sprong tusken de feewein en in sket op de feart. It bist is mei in shovel út it kâlde wetter helle.

Doe't de ko wer op poaten stie, besocht it bist nochris út te naaien. Dat mislearre, wêrnei't de ko wer yn de feewein set is. It bist krijt in pear dagen om by te kommen en sil dan slachte wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)