Slachting ûnder rotguozzen

06 okt 2008 - 09:20

Jonge rotguozzen wurde fan ´t hjerst en winter seldsum yn Fryslân. Se binne hast allegearre opiten yn Siberië.

Poalfoksen, seemokken en snie-ûlen hawwe ôfrûne simmer in slachting oanrjochte ûnder de briedende rotguozzen. Gewoanwei ite de rôfbisten dêr in soad lemmingen, in mûzesoart. Mar dy wiene der ôfrûne simmer kwalik. Omdat der wol in soad rotguozzen wiene, waarden dy it slachtoffer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)