Slachting ûnder brúnfisk

04 mrt 2009 - 21:58

Yn de lêste trije moannen binne der oan de Noardseekust 100 deade brúnfisken oanspield. Rom 30 wiene slim ferwûne of yn stikken snien. De measten waarden fûn op de strannen fan Flylân en Texel. It sintrum foar it Waad, Ecomare, makket him grutte soargen oer it hege oantal.

Tocht wurdt dat de 1,5 meter lange brúnfisk as byfangst yn de netten komt en dêrnei in stikken snien wurdt. De KLPD en AID sille helpe om in ein te meitsjen oan de slachting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)