Slachterij Friesland Vlees ferliest saak tsjin Radar

29 okt 2015 - 19:49
  • Kontroleurs fan de AID by Friesland Vlees

Slachterij Friesland Vlees hat foar de Hege Ried in saak tsjin konsuminteprogramma Radar ferlern. Dat meldt de webside foar sjoernalisten Villamedia. Yn in ôflevering fan it programma, yn 2008, waard berjochte oer de omstannichheden wêrûnder't Friesland Vlees siik en swak fee slachte.

It bedriuw fûn de útstjoering ûnrjochtmjittich en klage Radar oan. It easke miljoenen oan skeafergoeding. De slachterij ferlear der twa kear in rjochtsaak oer en stapte doe nei de Hege Ried. Dêr is de klacht en de eask om skeafergoeding definityf ôfwiisd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)