Slachter moat út Nijewier wei

12 jun 2003 - 00:00

Weidenaar Slachterij fan Nijewier krijt in ton subsydzje fan de gemeente Dongeradiel om te ferhúzjen nei bedriuweterrein Hegediken yn Dokkum. It bedriuw moat derwei, om't it net mear oan de miljeu-easken foldocht.

De slachterij is fan in doarpsslachter útgroeid ta in yndustrieel bedriuw mei mear as tritich man personiel. Yn Nijewier meie se net fierder útwreidzje fan 'e gemeente. Dat soe liede ta tefolle oerlêst foar it miljeu.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)